Minder roeken yn Drachten
It tal roeken yn Drachten rint in bytsje tebek. Waarnimmers telden sneon 267 nêsten op fjouwer plakken. Dat binne goed fyftich minder as ferline jier. It is net bekend hoe't it komt dat it tal roeken yn Drachten sakket.
Ynkoarten komme de lanlike sifers. Dan wurdt dúdlik hoe't it krekt mei de roekestân yn Fryslân en Nederlân sit.