Minder plysje-ynset op It Hearrenfean by fuotbalderby

01 nov 2015 - 10:08

Der binne sneintemiddei minder plysjeminsken oanwêzich as de lêste twa jier by de fuotbalderby tusken SC Hearrenfean en SC Cambuur. Dat seit boargemaster Tjeerd van der Zwan fan It Hearrenfean. Neffens him is de sitewaasje 'normalisearre'. Hy wol net sizze hoe grut de plysjemacht krekt is, dy't de feilichheid yn en om it Abe Lenstra-stadion bewarje moat.

Van der Zwan seit dat der goed oerlis west hat mei de fuotbalklups, de supporters en boargemaster Crone fan Ljouwert.

Foar de Feansupporters wurdt der in feestje organisearre yn kafee De Skoffel. De boargemaster sil sels snein noch efkes yn it sintrum fan It Hearrenfean sjen oft alles kalm ferrint.

Hy hopet en ferwachtet dat it in spannende en sportive wedstriid wurdt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)