Sjinkie Knegt begjint nije seizoen mei sulver yn Montreal

31 okt 2015 - 21:41

Shorttracker Sjinkie Knegt hat by de earste wrâldbekerwedstriid fan it seizoen yn Montreal sulver helle op de 1500 meter. De wrâldkampioen fan Bantegea kaam krekt tekoart tsjin de Yoon-Gy Kwak út Súd-Koreä.

Suzanne Schulting ferspile op deselde ôfstân in poadiumplak. Yn har earste finale op dit nivo rekke se yn it lêste rûntsje út balâns. Se waard fjirde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)