Snitser follybalsters winne ek yn kompetysje

31 okt 2015 - 21:22

De Snitser follybalfroulju ha nei de Europeeske winst fan woansdei, Gent waard yn België mei 3-1 ferslein, gjin flater makke yn de kompetysje. Yn de Snitser sporthal waard Set Up '65 ek mei 3-1 ferslein. Yn de earste set gong de winst mei 25-23 nei de ploech út Ootmarsum. Dêrnei luts de ploech fan coach Petra Groenland trije kear oan it langste ein: 25-15, 25-21 en 25-16.

Trefwurden: 
follybal Snits froulju
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)