Winst foar Gerben Jorritsma op 1500 meter

31 okt 2015 - 17:15

By it reedriden by de KNSB Cup yn Enschede gie de winst op de 1500 meter nei Fries om utens Gerben Jorritsma, dy't in winnende tiid fan 1.47,50 op it boerd sette. Twadde waard Kjeld Nuis mei 1.47.62, folge troch Thomas Krol mei 1.47.79. It fjirde plak gong nei Wouter Olde Heuvel, dy't de tiid stil sette op 1.47.81.

Sven Kramer klokte in tiid fan 1.48.02 en einige dêrmei as fyfde op de 1500 meter. Dat wie krekt genôch om him te pleatsen foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)