Thijsje Oenema twad op 500 meter

31 okt 2015 - 16:15

Thijsje Oenema is sneon as twadde einige op de earste 500 meter yn Enschede. Oenema fan De Jouwer klokte in tiid fan 38.92 en moast dêrmei allinnich Jorien ter Mors foargean litte. Ter Mors wie mei 38.75 de rapste yn de earste omloop. Marrit Leenstra einige as tredde mei 39.16. Margot Boer klokte 39.25 en waard folge troch Janine Smit, dy't de tiid stil sette op 39.28.

Letter op de dei wurdt de twadde 500 meter riden. De bêste fiif froulju pleatse har foar de earste fjouwer wrâldbekerwedstriden.

Trefwurden: 
Thijsje Oenema reedriden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)