Noch ien kear Grutte Pier Show

08 apr 2012 - 13:45

Alde tiden herlibben peaskesnein op Omrop Fryslân Radio. Foar ien kear wie wer it legindaryske programma de Grutte Pier Show te hearren. Fjouwer foarumleden bepraten ûnder lieding fan Eelke Lok de aktualiteit.

De Grutte Pier Show wie tritich jier ferlyn wakker populêr. De panelleden fan doe wiene der no ek by, útsein Jan Bearn Singelsma dy't ferstoarn is. De âlde panelleden binne Klaas Jansma, Mieke Andela-Bauer en Joop van den Berg. Singelsma wurdt ferfongen troch FNP-deputearre Johannes Kramer.

De ienmalige Grutte Pier Show is ûnderdiel fan it Nostalgywykein, dat it hiele peaskewykein op Omrop Fryslân Radio en Televyzje plakfynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)