Ald-Rabobanktopman Lense Koopmans is ferstoarn

31 okt 2015 - 12:09

Lense Koopmans fan Sondel, âld-topman fan de Rabobank en heechlearaar ekonomy is freed stoarn. Koopmans, Fryske boeresoan, waard sjoen as de spil fan de Rabobank fan de lêste tsientallen jierren, hy wie oant 2013 foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan dy bank.

De Rabobank seit dat Koopmans yn syn ferskillende rollen 'met Friese doortastendheid' in bysûndere bydrage levere hat oan de ûnwikkeling fan it bankbedriuw. Lense Koopmans wie al langere tiid siik en is 72 jier wurden.

Koopmans wie oant foarich jier foarsitter fan de ried fan bestjoer fan it Fries Museum en Princessehof, hy wie foarsitter fan de kommisje dy't de provinsje advisearje moast oer de weryndieling fan gemeenten en hy hat tegearre mei Jos Vaessen it nije one-tier board bestjoersmodel foar SC Hearrenfean ûntwikkele.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)