Boargemaster Gerbrandy sil brassband dirigearje

31 okt 2015 - 11:52

Boargemaster Gerben Gerbrandy fan Achtkarspelen sil de dirigearstôk yn de hân nimme by de Feanster Maestro, de dirigintewedstryd fan Surhústerfean.Op 27 novimber giet er de striid op de bok oan mei ûnder oare ûndernimmer Ietsen Pool en turntrainster Griet Rinsma.

Brassband 'Blaast de Bazuin' út Surhústerfean is it orkest dat him troch de boargemaster dirigearje litte sil. Konsertseal is Brasserie Kolkzicht yn Surhústerfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)