Miljeufreonlike auto's op Klimaatrûte troch provinsje

31 okt 2015 - 10:49

By de Alvestêde-iishal yn Ljouwert is sneontemoarn de earste Klimaatrûte 2015 begûn. Mear as fjirtich eigeners fan miljeufreonlike auto's ride in rûte lâns in tal miljeufreonlike projekten. Se bringe in besite oan wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert. Yn Drachten kinne dielnimmers de nijbou fan ROC Friese Poort besjen en op De Gordyk wurdt in besite brocht oan enerzjysunige wenningen.

Deputearre Schrier docht mei ek oan de klimaatrûte. Hy rydt yn in duorsume stedsbus fan in grut iepenbier ferfiersbedriuw.

De toer einiget snein yn Utrecht. It is it startplak fan de kuiertocht 'The Climate Miles' nei Parys, dêr't in wichtige klimaatkonferinsje wêze sil.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)