Fryske shorttrackers yn finales wrâldbeker Montreal

31 okt 2015 - 08:41

Sjinkie Knegt hat by de de iepening fan it wrâldbekerseizoen yn Montreal al syn races wûn en him pleatst foar de finales op de 1000 en 1500 meter. Op de sprint wist Daan Breeuwsma him te pleatsen. Dat wie noch wol spannend, want hy wie tredde en gie dus net streekrjocht troch, mar op basis fan syn tiid kaam it toch goed. Breeuwsma mei no yn it haadtoernoai starte op de 500 en 1000 meter. Suzanne Schulting berikte ek de heale finales op de 1500 meter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)