Fertochte oppakt fan gewelddiedige ynbraak yn Ljouwert

31 okt 2015 - 08:29

De plysje hat sneontemoarn betiid in man fan 38 jier oanholden dy't fertocht wurdt fan ynbraak mei geweld. Tongersdeitemoarn om healwei seizen waard der ynbrutsen yn in hûs oan de Verkorteweg yn Ljouwert. De bewenster waard wekker en seach in man foar har stean. De man drige de frou del te stekken as se raze soe. Hy joech har in klap yn it gesicht. Dêrnei pakte hy in laptop en naaide út. De plysje hie in sinjalemint fan de dieder en koe him sneontemoarn oanhâlde. De man sit fêst op it buro.

Trefwurden: 
ynbraak Ljouwert Verkorteweg
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)