Offalcoaches oan de slach yn Tytsjerksteradiel

31 okt 2015 - 07:14

De gemeente Tytsjerksteradiel hat bysûndere personielsleden oannaam, twa saneamde ôffalcoaches. De coaches sille by de minsken thús sjen of it ôffal better skieden wurde kin. Mei spesjale kaartsjes wurdt oanjûn as bewenners it ôffal op in goeie manier skiede. It giet yn earste ynstânsje om in proef yn Burgum en Noardburgum.

Op it stuit hawwe de ynwenners sa'n 170 kilo ôffal per persoan per jier, in tredde dêrfan is GFT. En dat moat oars, fynt de gemeente Tytsjerksteradiel.

As it projekt goed rint, kin dat ek nochris goed wêze foar de kosten. De ôffalheffing kin dan omleech.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)