Leenstra en De Jong pakke wrâldbekerticket by KNSB Cup

30 okt 2015 - 19:28

Marrit Leenstra fan Wikel en Antoinette de Jong fan Rottum hawwe in wrâldbekerticket op de 1500 meter yn de wacht sleept by de KNSB Cup yn Enschede. Beide Friezinnen rieden in tiid fan 1.59.51, allinne wie Leenstra ien tûzenste rapper. Se waarden dêrmei twadde en tredde. Marije Joling wûn de 1500 meter yn 1.59.08.

Ek Diane Valkenburg en Sanneke de Neeling pleatsten harren foar de oankommende fjouwer wrâldbekerwedstriden 1500 meter. Grutte ferliezer is Ireen Wüst. De Brabânse Friezinne waard sânde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)