Utfeartbeurs yn Ljouwert: 'Omgaan met emoties'

30 okt 2015 - 19:21

Minsken wat sjen en ûnderfine litte oer saken dy't in rol spylje by it ôfskie, dat is it doel fan de útfeartbeurs 'Omgaan met emoties'. De beurs fan inisjatyfnimmer Iepie Lindeboom-Hospes fynt sneon plak by De Kanselarij yn Ljouwert. Mear as 25 standhâlders hawwe in plak op 'e útfeartbeurs.

It wurk fan studinten Bloem & Design fan it Nordwin College krijt in prominint plak yn De Kanselarij. De studinten toane dêr harren saneamde 'proeve van bekwaamheid'.

De beurs is sneon fan 10.00 oan 16.00 oere yn De Kanselarij yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)