Hûnesjo hopet op mear dielname

08 apr 2012 - 11:42

De organisaasje fan de jierlikse hûnesjo op peaskemoandei yn it WTC Expo yn Ljouwet hopet op de dielname fan mear hûnen as ferline jier. Doe luts de sjo 2300 rashûnen.

Omdat hûnetentoanstellingen ek lêst ha fan de resesje, hat de organisaasje fan de sjo yn Ljouwert soarge foar skerpe prizen foar de eksposanten. Ek is soarge foar mear fermaak en ekstra omtinken foar de bern dy't nei de sjo komme. De hûnesjo wurdt peaskemoandei foar de 45ste kear hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)