Learlingen Sevenwolden winne

08 apr 2012 - 10:51

Learlingen fan OSG Sevenwolden fan It Hearrenfean ha de wedstryd om it Beste Technische Ontwerp Junior fan de TU Delft wûn. Dat wie foar it tredde jier achter elkoar.

Fiif learlingen út 4vwo wûnen mei har ûntwerp foar in spuitflesse dy't skeef en op 'e kop te brûken is, sadat er ek yn lestige hoekjes spuitsje kin. Ek kin alle floeistof yn de flesse der hielendal út, wylst der by de besteande systemen altiten resten achterbliuwe. It wie de njoggende kear dat de TU Delft de wedstryd organisearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)