Ynwenners Dongeradiel kieze nije slogan foar Sionsberg

30 okt 2015 - 15:18

It fernijde sûnenssintrum Sionsberg yn Dokkum krijt in nije slogan. De ynwenners fan Dongeradiel krije ynkoarten in kaart yn de brievebus mei de oprop om mei te tinken oer in nij biedwurd. De bêste dy't binnen komt, brûkt it sûnenssintrum yn advertinsjes en brosjueres. ''Zoals er voor de bouw van de eerste Sionsberg door de bevolking luciferdoosjes en lammetjes verkocht werden om geld in te zamelen, zo vragen wij nu de bevolking mee te denken over een slogan voor de Sionsberg'', sa seit direkteur Peter Lalkens.

Sionsberg fernijt net allinich op papier, mar der wurdt op it stuit ek flink boud. Bygelyks oan it 'anderhalvelijnssintrum'. Der komme ek nije ûndersyks- en behannelkeamers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)