5000 blombollen plante yn Koepelbosk by Aldeberkeap

30 okt 2015 - 15:15

Yn it Koepelbosk yn Aldeberkeap binne freed 5000 blombollen plante. It plantsjen fan de bollen heart by de opknapbeurt fan it Koepelbosk, dêr't Steatsboskbehear en de gemeente Eaststellingwerf de ôfrûne fjouwer jier mei dwaande west hawwe.

Ut ûndersyk hat bliken dien dat it bosk ûntwurpen is yn de styl fan de ferneamde túnarsjitekt Roodbaard. Yn it parkachtige bosk yn Aldeberkeap hearre dêrom ek in soad blommen. De tulpe- en narsisbollen dy't freed plante binne, sille takom foarjier yn bloei stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)