Foppe nimt sneon pas beslút oer opstelling Hearrenfean

30 okt 2015 - 14:27

Foppe de Haan kin noch neat sizze oer syn opstelling fan snein tsjin Cambuur. De seleksje hat freed net op it fjild traind, mar rêstich útfytst en oan yoga dien. De Hearrenfeantrainer seit dat hy sneon de training noch besjen sil en dan in beslút nimt oer de opstelling.

De ferwachting is net dat hy in soad feroarje sil. Henk Veerman is skorst, wêrtroch syn posysje nei alle gedachten ynnaam wurdt troch Mitchell te Vrede. De spits komt krekt werom fan in skorsing.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)