Reekgerdyn hinget oer opstelling SC Cambuur

30 okt 2015 - 13:33

Trainer Henk de Jong fan SC Cambuur lûkt in reekgerdyn op rûnom syn ploech as it giet om de derby tsjin de SC Hearrenfean. De Jong koe, of woe noch net sizze oft bygelyks Ogbeche al of net spylje kin. De beslissing oer wol of net spyljen fan de Nigeriaanske topskoarer kin sels noch yn de warming-up foar de wedstriid naam wurde.

Ogbeche rekke yn de wedstriid tsjin AZ ferline wike blessearre oan de knibbel. Martijn van der Laan liket net spylje te kinnen. Ek hy hat lêst fan de knibbel. Fierder wol De Jong neat kwyt oer de opstelling.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)