Keapsnein Dokkum soarget foar bestjoerskrisis Dongeradiel

30 okt 2015 - 12:45

Dongeradiel sit mei in politike krisis. Koälysjepartij ChristenUnie hat tongersdei tsjin de útwreiding fan de keapsneinen stimd, wylst de eigen wethâlder, Sicco Boorsma, foar wie. Dit wykein wurdt drok oerlein oft de koälysje fan CDA, FNP en ChristenUnie dochs fierder kin.

In bysûndere rol spilet dêrby de posysje fan wethâlder Boorsma: hy leit goed yn it kolleezje en de ried. Fraksjefoarsitter Fedde Breeuwsma (FNP) slút dêrom ek net út dat Boorsma as ûnôfhinklik wethâlder fierder giet. Ek sûnder CU hat de koälysje in mearderheid yn de ried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)