Fertochte Tsjûkemarmoard yn Amsterdam besketten

30 okt 2015 - 11:20

De 19-jierrige jonge dy't tongersdeitejûn besketten is yn Amsterdam, is fertochte yn de Tsjûkemarmoard. It giet om Semih K. út Amsterdam. Hy soe tegearre mei syn heit yn 2013 Omar Kourrich om it libben brocht hawwe. Syn lichem is by de Tsjûkemar yn de brân stutsen. De heit fan Semih K. is ferline jier ferstoarn. De saak is dêrnei oanhâlden.

By de sjitpartij yn Amsterdam is K. ferwûne rekke. Hy is yn it sikehûs behannele en koe dêrnei wer nei hûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)