Jan Sjoerd Pool trainer LDODK

Jan Sjoerd Pool wurdt de nije trainer fan LDODK. De 47-jierrige ynwenner fan Aldegea (Sm.) wurdt de opfolger fan Grouster Gerald Aukes. Aukes wurdt it kommende seizoen trainer fan KZ yn Koog aan de Zaan.
It nijs waard bekend makke nei de oerwinning fan LDODK yn Papendrecht op OVVO. Troch de 22-20 winst spilet LDODK takom sealseizoen yn de kuorballeague, it heechste nivo yn Nederlân. Pool hat sels kuorballe by Quick'21 yn syn wenplak en by Drachten. As trainer wie er ûnder oare aktyf by Mid-Fryslân en SCO.