Kollum: "Diplomatike ko"

30 okt 2015 - 08:59

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, sjoernaliste en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn Fryslân, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer fan alles en noch wat: oer superfoods, har lytse poppe, har iPhone en in grut ferskaat oan oare ûnderwerpen.

"It is ek wol wer hilarysk. Us kening en keninginne gongen nei Sina en kamen werom mei twa panda's. Klinkt as in aardich mearke, dochs? Twa panda's yn in kuorke mei in grutte strik der om.

It binne twa diplomatike bearen, ha ik fernommen. It skynt dat Sina mei de pandabearen seit: 'we ha fertrouwen yn jim Hollân, we hâlde fan jim.' De panda's binne in relaasjepresintsje. Wu Wen en Xing Ya hjitte se. It is allinnich wol sa dat we foar Wu Wen en Xing Ya betelje moatte. Se binne yn brûklien foar mar pak 'm beet in miljoen dollar. Wol wat in nuver presintsje, tink ik dan.

Mar, allegear aardich en aardich. No sitte we dus aanst mei twa kolossale, swiere, stjonkende nuvere skepsels opskipe. Allemachtich, wat in aparte struners binne panda's. Ite en sliepe is it iennige wat se dogge. De hiele dei sit de panda wat op syn tsjokke kont yn in bamboeboskje. As er net yt, sliept er.

Fierder binne se allemachtich sinnich. Se frette allinnich mar bamboe fan in keninklike soart. It leafst mei sulver bestek en mei servetsjes fan Egyptysk katoen, ha ik heard. Nei it iten dogge se wer efkes in knipperke. Mar it meast idioate oan dat bamboeferhaal is: se kinne it eins net fertarre! Dat is dochs ek net te filmjen. Se binne feganist. Mar it binne bearen! Bearen frette fisk en fleis.

It spiisfertarringskanaal fan de bear is derom ynsteld op fleis. Dus de lease-panda fret 14 oeren deis bamboe, mar syn lichem kin it net ferwurkje. 80 prosint fan de bamboestokjes komt er wer út. Wat in omkoalen. De fega-panda is in bear yn in ferkeard lichem. Ik sis trouwens wol bamboestokjes, mar dat is wat in ûnderstatement. Stokken kin ik better sizze. Taaie stokken.

Dat is dan wol wer knap fan se: dy bamboestâlen binne sa hurd, dat je der mei in motorseage trochhinne moatte om se te brekken. Mar de panda fret se op as binne it lúsjefersstokjes.

Fierder docht de panda hiel dramatysk oer seks. De froutsjes ha altyd pineholle. Se binne mar ien oant trije dagen yn it jier fruchtber. Ik winskje de mantsjes in protte sukses.

It meie dan wol nuvere bisten wêze, it is yn alle gefallen in hiel wat better geskink as wat wy as Nederlân jûn ha. Wy ha ea in tsiisskaaf en in stik tsiis jûn as relaasjegeskink. It wie oan Fenezuëla. Dat betinke je dochs net. Stiet keninginne Maxima dêr yn har moaie jurk, giet it doaske iepen mei it kadootsje deryn, komt er in tsiisskaaf út. Hoe suterich en sunich wol je it ha.

Dus liket it my in better idee om fan no ôf ek bisten te jaan as relaasjegeskink. Fynt elkenien aardich en leaf. Wêrom net? Wat foar bist moat dat dan wêze siet ik my ôf te freegjen. Wat is no typysk Nederlânsk?

Ik siet earst te tinken oan in fisk. We tochten jo fan moksels, in pear garnaaltsjes, of snoekbears, iel, of in hantsjefol snotterkes. Of nee! Hjerring fansels! Hartstikke Hollânsk. Sipeltsje derby. Flachje derop. Yn in aardich doaske ferpakke, strikje derom en klear. Direkt tegearre opite. Goed foar de relaasje. Wol wat in stjonkkado.

Ik wit it. It wurdt in ko. In aardich Frysk koke. Glânzjend en blier. Op ien betingst. Se moatte har dêr yn Sina lekker faak aaie en se meie har net opite. En wat aardige freondinnen foar har sykje. En as se bern krijt, dan bliuwe se lekker oan 'e skonken. En as der te folle smog is, krije se in kapke oer de bek. Sjoch it mar as ús hillige ko. Kinne se dêr yn Sina oan ús sjen litte dat se echt wol op bisten passe kinne. Wy twa panda's, sy in ko. Liket my in goede deal.

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)