Traumahelikopter by oanriding op de rûnwei fan Frjentsjer

29 okt 2015 - 18:05

By in ûngelok op de rûnwei fan Frjentsjer is tongersdei oan de ein fan de middei in man op in elektryske fyts oanriden troch in auto. It ûngelok wie by de tagong nei sportsintrum Bloemketerp. It fytspaad leit dêr neist de rûnwei, fytsers moatte dêr foarrang ferliene oan auto's. Personiel fan de traumahelikopter hat holpen by de behanneling fan it slachtoffer en is mei de man yn de ambulânse nei it sikehûs gien. Oer de oarsaak fan it ûngelok en de ferwûnings fan it slachtoffer is no (18.00 oere) noch neat bekend.

Trefwurden: 
oanriding Rûnwei Frjentsjer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)