Sjinkie Knegt rydt dit seizoen mei nûmer 1 op de helm

29 okt 2015 - 17:09

Shorttracker Sjinkie Knegt rydt dit seizoen mei it nûmer ien op syn helm. Dêrmei is de wrâldkampioen altyd maklik werkenber. Dit is in nije regel fan it ynternasjonale reedrydbûn, dy't de riders takom seizoen ek yn werkenbere lannepakken sjen wol.

Elke shorttracker rydt dit jier mei in eigen nûmer op de helm, dy nûmers binne basearre op de útslaggen fan de wrâldkampioenskippen fan dit jier. Op de nije pakken moatte op de foar- en achterkant de nasjonale kleuren komme, mar de fraach is oft dat wol kin op de pakken fan snijfêst materiaal.

Trefwurden: 
shorttrack Sjinkie Knegt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)