Mollema tredde yn Baskelân

07 apr 2012 - 18:07
Bauke Mollema - Foto: ANP

Hurdfytser Bauke Mollema út Ljouwert hat it brûns pakt yn it algemien klassemint yn de Ronde fan Baskelân. Yn de ôfslutende tiidrit einige Mollema as twadde, seis sekonden efter de winner Samuel Sánchez. De Spanjaard skreau dêrmei de einoerwinning op syn namme.

Trefwurden: 
hurdfytsen Bauke Mollema
(advertinsje)
(advertinsje)