Gjin straf foar himpkweker Doede de Jong yn heger berop

29 okt 2015 - 14:18

Himpkweker Doede de Jong út Appelskea is wol skuldich, mar krijt gjin straf. Dat hat it gerjochtshôf tongersdei besletten. Tsjin De Jong wie yn heger berop 180 oeren wurkstraf en twa moanne sel ûnder betingst easke.

De rjochter hat no sein dat de kweker op trije punten skuldich is, mar der binne genôch bysûndere betingsten om gjin straf op te lizzen. Sa is er der net ryk fan wurden, kweekte hy op in hiel biologyske en skjinne wize en foar in coffeeshop dy't 'gedoogd' wurdt.

De Jong fynt it ûnterjochte dat hy ek skuldich is oan it ferbouwen fan himp. Hy wurket biologysk en snapt net dat in produkt dat yn Nederlân wol ferkocht wurde mei, net ferboud wurde mei. Hy gie dêrom yn heger berop. De Jong hat troch dizze útspraak ek goede hope foar in oare rjochtsaak yn heger berop dy't noch spilet. Dêryn besiket de himpkweker in boete fan mear as twa ton fan tafel te krijen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)