Eksploitant driget mei sluting parkearterrein Harns

29 okt 2015 - 12:45

Eksploitant Jan Drijfhout fan it saneamde 'overloop' parkearterrein yn Harns driget der mei op te hâlden. As de gemeenteried ynstimt mei de oankeap fan it terrein fan de Witte Kas, dan giet noch dit jier Drijfhout syn parkearterrein ticht. Hy fynt dat hy de ôfrûne tsien jier troch de gemeente Harns oan it lyntsje hâlden is.

Hy wol him net mear brûke litte troch de gemeente as tuskenoplossing. Mocht de sluting trochgean, dan is der yn de simmer in tekoart oan parkearromte. By Drijfhout kinne no tûzen auto's stean.

De gemeente Harns lit ûndersykje wat mooglike oplossings binne om parkearproblemen by ûnder oaren Oerol foar te kommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)