Moardner fan Aswintha út Snits docht himsels tekoart

29 okt 2015 - 10:16

Elias B., de man dy't fêstsiet foar de moard op Aswintha Dijkstra út Snits, hat himsels tekoart dien yn de finzenis yn Vught. Dat meldt Omroep Brabant. De man waard yn 2012 ta 18 jier sel feroardiele. Yn 2011 hat er de 27-jierrige Aswintha Dijkstra deastutsen. Har bern wienen tsjûge fan de stekpartij.

B. hie earder in relaasje hân mei de sus fan Dijkstra. De man hat himsels ôfrûne freed fan it libben berôve. Hy siet yn it Penitentiair Psychiatrisch Centrum fan de finzenis yn Vught.

Yn De Telegraaf seit de famylje fan Aswintha ferromme te wêzen dat Elias B. himsels tekoart dien hat. B. hie drige achter de famylje oan te gean as er wer frijkomme soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)