Reekmelder warskôget bewenners Ljouwert foar garaazjebrân

29 okt 2015 - 07:46

De brânwacht fan Ljouwert hat tongersdeitemoarn in garaazjebrân blust. De brân wie yn in garaazje fan in wenning oan de Moleplaat. De bewenners ûntdutsen de brân sels, doe't se wekker waarden fan de reekmelder.

Se bellen sels de brânwacht en koene de wenning feilich ferlitte. It is noch net bekend hoe't de brân ûntstien is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)