Neffens AFAF gjin oanhingers fan de Volksunie yn Fryslân

28 okt 2015 - 20:11

Neffens de Anti Fascistische Actie Fryslân, de AFAF, swetst de Nederlandse Volksunie oer it tal oanhingers dat se yn Fryslân hat. De NVU melde earder dat der 15 sympatisanten nei de ynformaasjegearkomste oer flechtlingen yn Harns komme soene. De AFAF seit lykwols dat der hielendal gjin oanhingers fan de Nederlandse Volksunie bekend binne yn de provinsje.

It lanlike tal oanhingers soe net heger as 40 persoanen wêze. Mocht de Volksunie dochs aksjefiere yn Fryslân, dan sil de AFAF ek fan him hearre litte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)