Spaanske kij moatte de dunen fan Skiermûntseach keal frette

28 okt 2015 - 18:39

Spaanske kij moatte tenei de dunen fan Skiermûntseach keal hâlde. De seis bisten binne woansdei op it eilân útset. Se berinne yn earste ynstânsje in gebiet fan sa'n hûndert hektare, doel is dat dat gebiet de kommende jierren útwreide wurdt.

Foar de Spaanske kij is keazen omdat dy goed oer kâlde winters en waarme simmers kinne. Ek ite se gerssoarten dy't oare kij net ha wolle. De dunen fan Skiermûntseach groeie de lêste jierren hurd ticht, sadat it iepen lânskip ferdwynt. Ek komme bysûndere planten en bisten hieltyd minder foar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)