Gjin grutskalige flechtlinge-opfang yn Fryslân

28 okt 2015 - 17:51

Fryslân sil net meiwurkje oan grutskalige opfang foar flechtlingen. Provinsje en gemeenten hawwe besletten dat se harren ferantwurdlikheid nimme wolle, mar allinnich mei opfang komme wolle dy't passend is.

Ek wolle se noch gjin lokaasjes en oantallen neame. Dat is woansdeitemiddei bekend wurden by in parsekonferinsje yn it provinsjehûs yn Ljouwert.

Yn de parsekonferinsje joech kommissaris John Jorritsma oan dat der allinnich romte is foar opfang dy't past by de skaal fan de Fryske gemeenten. Hy reagearre dêrmei op de fraach fan minister Plasterk om grutskalige opfang te regeljen.

De boargemasters wolle ek dat der ien oansprekpunt komt by it COA foar de gemeenten. De kommunikaasje moat koarter en direkter. Jorritsma hat dit dellein by steatssiktaris Dijkhof.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)