Valentijn Fit wurdt nije saaklik direkteur fan Tryater

28 okt 2015 - 17:25

Tryater hat in nije saaklik direkteur. Valentijn Fit sil fan 1 jannewaris ôf begjinne by it Fryske teaterselskip. Hy folget Siart Smit op, dy't de ôfrûne acht jier saaklik direkteur west hat.

Fit, dy't út Súd-Hollân komt, wennet sûnt 12 jier yn Noard-Nederlân. Hy wurke earder by it Noord Nederlands Toneel en is sûnt 2006 saaklik direkteur van de PeerGrouP yn Drinte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)