Oanlis farrûte fan Ljouwert nei De Westereen begjint yn 2016

28 okt 2015 - 17:08

Yn it foarjier fan 2016 wurdt úteinset mei de oanlis fan in farrûte fan Ljouwert nei De Westereen. Straks kinne je fan de Grutte Wielen, boppe Hurdegaryp en Feanwâlden del, nei De Westereen komme. It is in nij inisjatyf om mear wettertoeristen nei Noard-Fryslân te krijen. No't de plannen konkreet binne, wurdt der ek oerlein mei ûndernimmers yn de buert. Sy krigen in rûnlieding yn it gebiet. It is ek de bedoeling dat ûndernimmers mei ideeën komme. 

Om de farwei te realisearjen wurde der 3 brêgen ophege, 2 slûzen makke en der wurdt baggere.

It projekt moat ein 2016 klear wêze en fan 2017 ôf kinne je der farre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)