Brânstichting yn Aldeberkeap

07 apr 2012 - 16:29

Yn Aldeberkeap binne yn de nacht fan freed op sneon twa ynwenners fan it doarp en in man út Aldhoarne oanhâlden fanwege brânstifting. Plysjes seagen dat der op de Stellingenwei achter in hûs op twa plakken brân wie. Der stie in bulte snoei-ôffal en in silo yn de brân. De trije fertochten stiene derby.

Doe't se de plysje seagen, naaiden se út, mar de plysje koe se achterhelje. Se binne meinaam nei it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)