Himpkwekerij yn Ljouwert

07 apr 2012 - 16:23
Himp - Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat sneontemiddei oan de Robert Kochstrjitte yn Ljouwert in himpkwekerij oprôle. De plysje wie de kwekerij op it spoar kaam trochdat der sprake wie fan wetteroerlêst op dat adres. Doe't se der kamen te sjen, ûntdutsen se de kwekerij.

Der stiene 37 planten yn de himpkwekerij. Dy binne meinaam om ferneatige te wurden. Twa minsken binne oanhâlden.

Trefwurden: 
himp
(advertinsje)
(advertinsje)