CdK Jorritsma: "Ferhurding flechtlingedebat is beskamsum"

28 okt 2015 - 14:13

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma neamt de ferhurding yn it flechtlingedebat "beskamsum". Hy ropt dan ek op om op te hâlden te roppen en te razen. De kommissaris konstatearret dat op dit stuit in iensidich lûd de diskusje oerstimt en dat is net goed.

Ien en oar seit de kommissaris nei oanlieding fan it útstellen fan in ynfogearkomste yn Harns tiisdeitejûn. Dat beslút is naam om't leden fan de Nederlandse Volks Unie de byienkomst fersteure soene. Litte we mei "een koel hoofd en een warm hart" de flechtlingen opfange, seit Jorritsma.

Hy neamt dat in ferantwurdlikheid fan in wolfeartsmaatskippij as Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)