SC Hearrenfean wiziget opstelling net tsjin Helmond Sport

28 okt 2015 - 13:13

SC Hearrenfean start tongersdei yn de tredde ronde fan it KNVB bekertoernoai tsjin Helmond Sport mei deselde alve spilers as ferline wykein tsjin Willem II. Dat bestjut dat oanfierder Joey van den Berg tegearre mei Kenneth Otigba it sintrale ferdigeningsduo foarmje sil en Jerry St. Juste op it middenfjild stiet.

Foppe de Haan hat yn it ferline twa kear in bekerfinale spile. "Mei in goeie lotting kinst hiel fier komme, dat ha ik se ek ferteld", sa seit De Haan. Helmond Sport is in klup út de Jupiler League.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)