Friezen yn Oranje ûnder 15 jr

Amateurfuotbal © ANP XTRA
KNVB-coach Marleen Wissink hat trije Fryske fuotbalfroulju oproppen foar it Nederlânsk alvetal ûnder de 15 jier. De gelokkigen binne Sisca Folkertsma fan vv Sleat, Marlies Slegter fan ONS Snits en Lysanne van der Wal fan SC Joure.
De froulju komme yn aksje op woansdei 11 en freed 13 april, wannear't Oranje twa oefenynterlâns spilet tsjin Ingelân yn Heerhugowaard.