Harnzer spoekrider (74) besiket file te ûntwiken

28 okt 2015 - 12:23

De plysje hat woansdeitemoarn it rydbewiis fan in 74-jierrige Harnzer yn beslach naam. De man seach op de N31 in file foar de Keningsbrêge stean en ried werom, wêrby't hy tsjin it ferkear yn ried. Neffens de plysje brocht de man mei syn aksje oare bestjoerders yn grut gefaar. De man moat him by it CBR melde foar in test om te sjen oft hy noch wol ride mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)