BCV Burgum: "gjin wedstriden skrast troch needopfang"

28 okt 2015 - 12:00

De opfang fan 200 flechtlingen by BCV Burgum hat gjin gefolgen foar de wedstriden of trainingen. Dat seit de foarsitter fan de fuotbalklup, Age Kramer. In part fan de jeugd dy't no noch moarns spilet, skoot troch nei de middei. "Allinnich de senioaren spylje no op dat tiidstip wêrtroch we fjilden oerhâlde", seit Kramer.

It fjild dêr't de opfang komt, hat gjin ferljochting en wurdt dêrom net bespile. "Om dy reden like dat ús in geskikte lokaasje". Oer de eksakte ynrjochting fan de opfang, is de klup noch yn petear mei de gemeente.

Tiisdei makke Tytsjerksteradiel bekend dat se neist it besteande asylsikerssintrum in needopfanglokaasje bouwe litte foar twahûndert flechtlingen. It terrein fan BVC grinzget oan it besteande azc.

De gemeente en it COA wolle yn desimber begjinne mei de earste wurksumheden foar de needfoarsjenning. Doel is dat begjin takom jier de bou fan de needopfanglokaasje klear is en de earste flechtlingen dêr ferbliuwe kinne.

De needopfang is ûnderdiel fan it azc yn Burgum. Yn it sintrum ferbliuwe 450 minsken en 70 allinnichsteande minderjierrige flechtlingen. Yn de simmer fan 2017 wurdt it azc ferboud. Wannear't de bouwurksumheden dien binne, kinne dêr seishûndert minsken ferbliuwe. Doel is dan om de needopfanglokaasje ek te brûken foar bewenners dy’t fanwege de bou tydlik út harren azc-wente moatte.

Trefwurden: 
BCV Burgum opfang flechtlingen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)