Kampanje foar mear frijwilligers fan it Oranje Fonds

28 okt 2015 - 11:18

It Oranje Fonds fiert fan dizze wike ôf trije wiken lang kampanje yn Fryslân om mear frijwilligers te finen. Mei help fan tsien Fryske maatjesinisjativen wol it fûns 100 nije frijwilligers lûke. De maatjes stypje minsken langere tiid as dy help nedich ha. It kin gean om gesinnen dy't it dreech hawwe of jongeren mei in beheining. It Oranje Fonds is sûnt 2006 dwaande mei dizze maatjesprojekten en stipet jierliks 7500 sosjale inisjativen.

It ôfrûne jier stuts it fûns goed 27 miljoen euro yn inisjativen dy't foarkomme dat minsken iensum binne of dy't der foar soargje dat minsken mekoar moetsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)