Needopfang foar twahûndert flechtlingen by azc Burgum

27 okt 2015 - 19:22

Yn Burgum wurdt neist it besteande asylsikerssintrum in needopfanglokaasje boud foar twahûndert flechtlingen. Dat hat de gemeente Tytsjerksteradiel tiisdeitejûn bekendmakke. De needopfang komt op in tydlike lokaasje op it sportkompleks oan de Elingsloane. Dat terrein grinzget oan it besteande azc.

De gemeente en it COA wolle yn desimber begjinne mei de earste wurksumheden foar de needfoarsjenning. Doel is dat begjin takom jier de bou fan de needopfanglokaasje klear is en de earste flechtlingen dêr ferbliuwe kinne.

De gemeente Tytsjerksteradiel en it COA organisearje tongersdei in ynformaasjemerk oer de bou fan de needopfanglokaasje. Fertsjintwurdigers fan de gemeente en it COA jouwe dêr tusken 16.00 en 18.30 oere foarljochting oer de opfangfoarsjenning.

De needopfang is ûnderdiel fan it azc yn Burgum. Yn it sintrum ferbliuwe 450 minsken en 70 allinnichsteande minderjierrige flechtlingen. Yn de simmer fan 2017 wurdt it azc ferboud. Wannear't de bouwurksumheden dien binne, kinne dêr seishûndert minsken ferbliuwe. Doel is dan om de needopfanglokaasje ek te brûken foar bewenners dy’t fanwege de bou tydlik út harren azc-wente moatte.

Trefwurden: 
flechtlingen Burgum AZC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)