Besykjen ta strjitrôf Ljouwert

© www.sxc.hu
De plysje yn Ljouwert is op syk nei in man dy't ôfrûne nacht besocht hat in mobile tillefoan te stellen fan in 19-jierrige ynwenster fan Ljouwert. De man kaam yn de Valeriusstrjitte njonken de frou te fytsen en pakte har beet.
De frou foel, mar woe har tillefoan net jaan. Dêrop is de man fuortgien. It giet om in blanke man fan in jier of 25 en hy ried op in fyts mei twa wite fytstassen.