Blessuere Cambuurspits Ogbeche liket ta te fallen

27 okt 2015 - 15:53

De blessuere fan Cambuurspits Ogbeche liket ta te fallen. De topskoarder fan de Ljouwerter fuotbalklup rekke snein yn de wedstriid tsjin ADO Den Haag blessearre. Ogbeche hat tiisdei in MRI-scan hân. Op de bylden wie gjin slim letsel te sjen.

It is lykwols ûnwis oft de Nigeriaan snein yn de Fryske twastriid tsjin SC Hearrenfean spylje kin. Dêr sil de kommende dagen mear oer dúdlik wurde, sa lit Cambuur witte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)