Ynformaasjegearkomste Harns oer opfang giet net troch

27 okt 2015 - 15:48

De ynformaasje- en diskusjebyienkomst oer de opfang fan flechtlingen yn Harns fan tiisdeitejûn giet net troch. De gemeente kin net ynstean foar de feilichheid. Boargemaster Sluiter is ta syn beslút kaam nei't er heard hie dat de Ljouwerter Krante kontakt hân hie mei foaroanman Constant Kusters fan de Nederlandse Volksunie. Dy hie sein dat sy komme soene op de gearkomste.

De gemeente hie prate wollen oer wat Harns dwaan kin, as der wer in berop op harren dien wurde soe foar opfang.

Yn Harns waarden koartlyn ek al in lytse wike flechtlingen opfongen. Yn novimber komt der noch wol in besletten gearkomste oer de mooglike nije opfang fan flechtlingen yn Harns.

Trefwurden: 
flechtlingen Harns opfang
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)