Follybalfroulju VC Snits mei eigen auto's nei wedstriid Gent

27 okt 2015 - 15:20

De follybalfroulju fan VC Snits binne tiisdeitemiddei ôfset nei Gent yn België. Om't in bus hiere te djoer is foar de feriening, geane de froulju mei eigen auto's. Woansdei spylje de follybalsters yn de Europacup tsjin VDK Gent.

De follybalklup soe foar supporters woansdei wol in bus ride litte wolle, mar dêrfoar wie net genôch belangstelling. Trochdat de Snitser follybalsters it ôfrûne seizoen it kampioenskip hellen, meie se Europeesk follybal spylje.

De lêste kear dat dat echt barde yn Snits wie yn 1992, doe noch ûnder de namme fan Olympus. It ôfrûne jier spile Snits ek Europeesk, mar doe kaam tsjinstanner Alterno út Apeldoorn.

In gearfetting fan de wedstriid tsjin VDK Gent is tongersdei te sjen yn Hjoed op Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
follybal VC Snits
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)